Dongeradiel praat mei boargers

06 mrt 2007 - 09:54
  • It gemeentebestjoer wol mei de boarger prate oer it bestimmingsplan bûtengebiet

De gemeente Dongeradiel sil syn ynwenners rieplachtsje oer de takomst fan it bûtengebiet. De gemeente wurket oan in nij bestimmingsplan foar it bûtengebiet. Yn dat plan moat de gemeente antwurd jaan op tal fan fragen yn ferbân mei de hjoedeistige en takomstige ûntwikkeling.

Der sil ûnder oaren praat wurde oer de kwaliteit fan it lânskip, de lânbou en it wenjen yn it bûtengebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)