Dongeradiel posityf oer nijbouplannen MFA Eanjum

18 sep 2015 - 20:29

De ried fan Dongeradiel hat entûsjast reagearre op de nijbouplannen fan in multyfunksjonele akkommodaasje yn kombinaasje mei in NAM-kantoar yn Eanjum. Dêrmei komt nei tsien jier lang om let in trochbraak foar Sjouke Faber, foarsitter fan de MFA-kommisje. De kommisje besiket al jierren in realisearber plan te meitsjen foar de renovaasje fan mienskipssintrum De Dobbe.

Yn gearwurking mei de NAM is no sels nijbou mooglik. Neffens Faber is de realisaasje fan it plan wichtich foar Eanjum. De leefberens sil in grutte opstekker krije. Der komt in húsdokterpraktyk, in fysioterapeut, in kapperssaak en berne-opfang. As alles slagget, kin de iepening fan it nije gebou yn it foarjier fan 2017 plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)