'Dongeradiel moat ynvestearje'

30 okt 2009 - 08:56
  • Boargemaster Waanders wol ekonomy ferbetterje

Dongeradiel moat foarearst alle jierren 1,5 miljoen euro stekke yn ferbetterings. Dat fynt boargemaster Waanders. Dy wol ûnder oare jild brûke foar bettere ferbinings, bedriuweterreinen en toerisme. Mei de ynvestearrings moat de ekonomy ferbettere wurde en moat foarkaam wurde dat de gemeente leechrint.

De oardel miljoen dy't ynvestearre wurde moat, soe komme moatte út besunigings. Uteinlik is it de gemeenteried dy't beslút oer it jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)