Dongeradiel moat wer besunigje

12 maaie 2006 - 14:07

De gemeente Dongeradiel moat opnij flink besunigje. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders ferwachtet in struktureel tekoart fan ien miljoen euro. Boargemaster Cazemier rôp de riedsleden tongersdei op om út te sykjen wêr't op besunige wurde kin.

Maklik wurdt dat net, sei Cazemier, omdat der de ôfrûne fjouwer jier ek al foar miljoenen besunige is. Fan it hjerst sil de ried in definityf beslút nimme oer de besunigingsmaatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)