Dongeradiel moat besunigje

07 maaie 2009 - 11:29
  • It gemeentehûs yn Dokkum

De gemeente Dongeradiel moat de kommende tiid elk jier acht ton besunigje. It jild is nedich foar ferfanging fan sporthal de Trimmer, de útwreiding en nijbou fan it Dockinga kolleezje en it ûnderhâld fan diken, brêgen en wâlbeskoeiïng.

De gemeente is dêrneist in soad jild kwyt oan útkearings oan minsken dy't har baan de lêste tiid ferlern ha. Wêr't op besunige wurdt is noch ûnwis. Der wurdt tocht oer in belestingferheging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)