Dongeradiel mei Dantumadiel

23 sep 2009 - 10:01
  • Dongeradiel soe fusearje moatte mei Dantumadiel

Dantumadiel is de bêste gemeente foar Dongeradiel om mei te fusearjen. Dat fynt it kolleezje fan Dongeradiel. Ek it kolleezje fan Dantumadiel sjocht sa'n fuzje wol sitten.

In weryndieling mei Dantumadiel is nedich om Dokkum as wichtige ekonomyske kearn oerein te hâlden. Dêrfoar moat Dongeradiel grut genôch bliuwe om yn Fryslân genôch ynfloed te hâlden. De nije gemeente moat net fierder fan de boargers ôfstean troch sa'n fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)