Dongeradiel: mear wurk yn soarch

05 jul 2006 - 15:51

De gemeente Dongeradiel wol mear wurk kreëare yn de soarchsektor. Neffens wethâlder Boersma binne der in soad projektûntwikkelders dy't wol jild stekke wolle yn soarchprojekten. Konkrete foarbylden kin de wethâlder noch net jaan.

Neffens berekkeningen ferliest Dongeradiel yn de kommende fiif jier 600 banen. Troch fergrizing yn de plattelânsgemeente sil der allinnich mar mear ferlet fan soarch komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)