Dongeradiel: mear jild wentebou

16 jan 2003 - 00:00

De gemeente Dongeradiel en wenningkorporaasje Dongeradiel roppe de provinsje op om mei mear jild oer de brêge te kommen foar it ambisjieuze wentebouplan yn de gemeente. Op it stuit is der foar it totale plan noch in tekoart fan 16 miljoen euro.

De gemeente wol yn ferskate plakken yn Dongeradiel hûnderten wenten slope om dêrnei passende nijbou te realisearjen. Dat moat der ek foar soargje dat it tekoart oan senioarewenten oplost wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)