Dongeradiel knapt kaaimuorren en brêge de Lytse Pyp op

27 nov 2014 - 11:01
  • Gemeente Dongeradiel

De gemeente Dongeradiel begjint takom jier mei it opknappen fan de kaaimuorren fan de Koornmerk yn Dokkum en de brêge de Lytse Pyp yn de stêd. Beide binne yn minne steat. Yn de brêge is betonrot oantroffen. Dêrom wurdt de brêge ferfongen. Om it brêgedek fan de Lytse Pyp fuorthelje te kinnen, moatte earst de kabels en liedingen omlein wurde. Dat bart fan jannewaris oant en mei maart.

Yn septimber takom jier wurdt begong mei it wurk oan de kaaimuorren en de brêge sels. Ien en oar kostet mei-inoar hast oardel miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)