Dongeradiel fierder mei Cazemier

27 jan 2006 - 14:23

Roel Cazemier bliuwt nei alle gedachten ek de kommende seis jier boargemaster fan Dongeradiel. De gemeenterie is tongersdei unanym akkoart gien mei it foarstel foar syn werbeneaming.

It is no oan de minister fan Binnelânske Saken om dêr in beslút oer te nimmen. De earste termyn fan Cazemier rint op 1 juny ôf. Cazemier is sûnt 2000 boargemaster fan de gemeente Dongeradiel. Dêrfoar wie er seis jier boargemaster fan Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)