Dongeradiel ferkeapet hout oan eigen ynwenners

20 nov 2014 - 17:36
  • Kachelhout

Dongeradiel ferkeapet hout dat frijkomt by wurk oan iepenbier grien yn de gemeente oan ynwenners. Sy kinne dat dan brûke foar de iepen hurd. Lytse takken wurde fersnippere, de gruttere houtblokken wurde troch wurk/learbedriuw NEF ferwurke ta hurdhout. De gemeente ferwachtet in pear hûndert kubike meter te ferkeapjen. Mei de aksje wol Dongeradiel dizze foarm fan duorsume brânstof stimulearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)