Dongeradiel en Dantumadiel skrasse stimburo's

21 jan 2016 - 19:48

De gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel skrasse in tal stimburo's by de ferkiezings. Yn Dongeradiel ferdwine 7 fan de 25 stimburo's. Yn Dantumadiel wurde 5 fan de 12 buro's skrast.

It beslút fan de gemeenten falt net by elkenien goed. Foarsitter fan doarpsbelang Wierum, Jan Prins, is poerrazend oer it foarnimmen it stimburo yn it lytse doarp te sluten. Hy fynt dat de lytse doarpen wer de dupe wurde fan besunigings. It is neffens him in oantaasting fan it demokratysk rjocht.

Befolkingsopbou

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel ûntkent dat allinnich de lytse doarpen stimburo's ferlieze. Neffens har is der goed sjoen nei de befolkingsopbou en de mooglikheid om yn in oar plak te stimmen. As der in hiel soad protest komt, dan sil b. en w. wer nei de yndieling sjen.

Referindum ferdrach Oekraïne

De feroaring hat ûnder oaren te krijen mei besunigings fan it Ryk op de bydrage oan de gemeenten dy't der drige te kommen foar it referindum oer it ferdrach mei Oekraïne yn oktober. Dêrtroch is troch de gemeenten it tal buro's trochljochte en in oare ferdieling makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)