Dong dochs op lân útride

18 apr 2013 - 12:43

Kringloopboeren yn de Noardlike Fryske Wâlden meie dong miskien dochs boppe de grûn útride. Steatssekretaris Dijksma wol dat de dong yn de grûn ynjektearre wurdt om de amoniakútstjit foar te kommen. Mar de Twadde Keamer tinkt der oars oer en wol dat Dijksma der nochris nei sjocht. Dat hat se tasein. Se komt ein maaie mei har definitive beslút.

De 75 kringloopboeren binne derfan oertsjûge dat se de dong miljeufreonlik op it lân bringe kinne. Troch oar foer produsearje de kij minder amoniak.

Om de fermindere amoniak bewize te kinnen, mochten de boer trije jier lang, by wize fan proef, de dong gewoan útride op it lân. Der is no kâns op dat se dêrmei trochgean meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)