Dong brûke om enerzjy te winnen

14 nov 2002 - 00:00

By Tsjom moat in ynstallaasje komme om droege dong te fergassen. Dat seit Atsma fan Stynsgea. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers fan it fergassen fan dong. Hout en bermôffal kin ek op dizze miljeufreonlike wize omset wurde yn enerzjy.

Der wurdt earst in saneamde demo- ynstallaasje makke dy't twa miljoen euro kostje sil. Oer it finansjele part ûnderhannelje de inisjatyfnimmers noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)