Donald Duck yn it Frysk

06 okt 2006 - 06:31

Utjouwer Jos Boelhouwer fan Le Chat Mort fan Ketlik wol de Donald Duck oersette yn it Frysk. Hy hat ôfspraken makke mei SANOMA, de útjouwer fan de Donald Duck om ynkoarten in album oer te setten. In part fan de Fryske politiek krijt hjirmei syn sin. Ofrûne woansdei sprutsen dy út jild oer te hawwen foar sa'n oersetting.

In Frysktalige Donald Duck soe de metoade wêze om bern op jonge leeftiid yn de kunde te bringen mei it Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)