Donald Duck yn Fryslân

20 jan 2012 - 12:04

It stripblêd Donald Duck spilet him yn de edysje fan dizze wike folslein yn Fryslân ôf. Donald Duck ferruilet Duckstad foar ús provinsje omdat er in jubileum fiert.

Donald Duck bestiet dit jier sechtsich jier yn Nederlân. Om dat te fieren, sille de avontoeren fan de ferneamde ein it kommende jier yn Nederlân plakfine. Alle moannen is in oare provinsje oan bar. Fryslân hat de primeur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)