Don Quichot besiket wynmûnen yn Iselmar dochs noch te kearen

01 jul 2015 - 21:55

De aksjegroep Don Quichot jout it ferset tsjin in wynmûnepark yn de Iselmar by Makkum noch net op. Woansdei waard bekend dat de Twadde Keamer gjin wynmûnen wol by de Ofslútdyk, mar yn de Iselmar by Makkum.

Don Quichot besjocht no de mooglikheden om dat te kearen, omdat de groep ûnder oare benaud is dat toeristen fuortbliuwe sille. Don Quichot fierde earder ak al aksje tsjin it pleatsen fan wynmûnen yn de Iselmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)