Domper foar shorttrackmanlju

21 feb 2014 - 19:46
  • Teloarstelling by Freek van der Wart en Niels Kerstholt
  • De Nederlânske shorttrackploech

De Nederlânske shorttrackmanlju mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en Niels Kerstholt hawwe freed yn Sotsji net foar in ferrassing soargje kind yn de finale fan de 5000 meter ôflossing. Fuort nei de start gong Freek van der Wart ûnderút. Dêrtroch kamen de shorttrackmanlju op grutte efterstân.

Yn in geweldige ynhelrace wisten de Nederlanners it noch al spannend te meitsjen oan de ein. Yn in rjochtstreeks gefjocht om brûns wie it Sina dat úteinlik oan it langste ein luts. It goud wie foar Ruslân, it sulver foar Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)