Dominoday takom jier yn oare hal

06 nov 2004 - 09:27

Dominoday moat takom jier ferhúzje nei in oare hal yn it FEC. De plande útwreiding fan de Friezenhal, dêr't de goed fjouwer miljoen stientsjes steane, is net op tiid klear. De organisaasje sil gebrûk meitsje moatte fan oare hallen fan it FEC. Dêr moat dan in nije flier fan 150.000 euro yn komme.

De dominobouwers ha noch ien wike de tiid om har wurk te dwaan. Der is trije moannen lang wurke oan it delsetten fan alle stientsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)