Domino mei bakstiennen

05 maaie 2010 - 15:52
  • Foto's: Omrop Fryslân

It doarp Haulerwyk hâlde dit jier it fiifjierlike grutte befrijingsfeest. It goede doel fan dizze kear is de Wold Servants Groep Haulerwyk. De pleatslike jongeren helpe yn Gana mei it opsetten fan in kreamklinyk.

As spesjale saken stiene yn it doarp fjouwertûzen bakstiennen yn dominoformaasje opsteld en wie der in lange waskline - mei wask - tusken Haulerwyk en De Like. De tweintich prealweinen dy't der ek wiene, hiene as tema berneboeken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)