Dominique van Dijk tekenet by

18 feb 2004 - 00:00

Dominique van Dijk hat foar trije jier bytekene by Cambuur. De Grinslanner oanfaller en middenfjilder moat de kommende jierren de man wurde dêr't by Cambuur alles om draait. Martijn Rozenburg tekene foar twa jier by.

Woansdei waarden ek de twa nije Go Ahead-spilers Koen Brak en Peter van der Vlag presintearre. Brak is sintrale ferdigener, Van der Vlag is keeper. Cambuur wol foar takom jier nei in seleksje fan 21 man. Dat binne no 30.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)