Dominic Zijlstra lêst bêste foar

29 jan 2003 - 00:00

Dominic Zijlstra fan de Clearkamp út Gerkeskleaster hat woansdei de earste regionale Foarlêswedstriid wûn. De wedstriid is organisearre troch CBD Fryslân. It is in foarronde fan de Nasjonale Foarlêswedstriid.

Dominic fertsjinwurdiget de regio Noard-East yn de Provinsjale Finale op 17 april yn Ljouwert. De twadde prijs wie foar Kalyani Bergen fan Montessori út Easterwâlde. Tred waard Willemien Wisse fan CBS de Tarissing út Droegeham.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)