Dolsma wint triatlon Hearrenfean

27 maaie 2006 - 16:36

Henk Jan Dolsma út Grins hat sneon de ynkoarte triatlon op it Hearrenfean wûn. Dolsma kaam nei 1000 meter swimmen, 40 kilometer fytse en 10 kilometer draven yn in tiid fan 1.51.56 oer de streek. Henk Elbertsen fan Anna Paulownoa waard twadde op twa minuten.

Sjaco Kramer fan Drachten wie de bêste Fryske triatleet op it Hearrenfean. Hy waard fjirde yn in tiid fan 1.55.12.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)