Dolfyn en har jong spiele oan op strân fan It Amelân

20 jan 2016 - 13:35

De streepte dolfyn en har jong dy't op it strân fan Ballum op It Amelân oanspielden, binne ophelle troch meiwurkers fan de Universiteit Utrecht. Dy sille de bisten ûndersykje. 

De bonken fan beide bisten gean nei Naturalis yn Leiden. Dêr sille se skjinmakke wurde, en dêrnei geane se werom nei It Amelân. It Natoermuseum op it eilân sil de skeletten tentoanstelle. Neffens Johan Krol fan dat museum is it tige seldsum dat der in streepte dolfyn oanspielt. Dat barde tsien jier lyn foar it lêst, op Flylân.

De bisten waarden woansdei fûn troch twa fiskers. Doe wienen de bisten al ferstoarn. De mem is in meter as twa lang, it jong in meter. Se wienen nei alle gedachten noch yn libben doe't se oanspielden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)