Dokumintêre oer Cees Bylstra

06 jan 2014 - 11:21
  • Cees Bijlstra

Film- en dokumintêremakker Pieter Verhoeff makket in dokumintêre oer komponist Cees Bijlstra út Grou. Yn april is it tsien jier ferlyn dat Bijlstra (58) ferstoar troch in hertstilstân. Bijlstra makke muzyk foar Omrop Fryslân, de Avro, ferskate films fan Verhoeff en teaterstikken. Omrop Fryslân sil de dokumintêre útstjoere. Verhoeff is fan doel om it earebetoan yn te stjoeren op it Noardlik Filmfestival fan 2014 yn Ljouwert.

De filmmakker hopet mei help fan fund-raising it lêste jild foar de dokumintêre byinoar te krijen.

Minsken kinne op de webside www.ceesbijlstra.nl in bedrach fan minimaal 10 euro donearje. Op 28 maart slút de bydragemooglikheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)