Dokumintêre fan Elena Lindemans nominearre foar Mediapriis

22 okt 2015 - 17:49

Dokumintêremakker Elena Lindemans is foar de dokumintêre 'Moeders springen niet van flats' nominearre foar de Psyche Mediapriis 2015. De Friezinne om utens makke in film oer har mem, dy't harsels tekoart die troch fan de Muntflat op It Hearrenfean te springen. De Psyche Mediapriis wol begryp kweke foar minsken mei psychyske swierrichheden.

Op 19 novimber wurdt de winner bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)