Dokuminten fan Vlaskamp fûn

31 mrt 2014 - 13:52
  • Aly van der Mark en Jaap Scheffer
  • Túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp

Der binne nije dokuminten foar it ljocht kaam fan de ferneamde túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp. Argyfûndersiker Jaap Scheffer fûn se yn in rekkenboek by de bou fan de Mennistetjerke fan Itens yn 1864.

Takom wykein stiet yn it ramt fan Vlaskamp. Dat bart op inisjatyf fan Aly van der Mark. Har boek 'De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp' wurdt presentearre by de iepening fan in útstalling oer Vlaskamp syn wurk yn it Fries Museum. Takom wykein is ek it earste diel fan in twadielige dokumintêre oer Vlaskamp te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Ein april is der ek noch in útstalling yn museum It Tsiispakhûs yn Wommels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)