Doktoaren Ljouwert digitaal

01 jul 2007 - 16:48
  • De site fan 'e webdokter

It Huisartsenzorgcentrum yn Ljouwert wol mear dwaan mei ynternet. Dokter Goedhart wurket mei in kollega oan it oanbieden fan saken lykas konsulten op ynternet, digitale pasjintedossiers en in ynternetapoteek. Proefpersoanen binne optein oer de nije service.

It projekt krijt jild út it ynnovaasjefûns fan soarchfersekerder De Friesland. In soad praktiken hawwe wol in webside, mar dit is oars. It projekt is yntsjinne foar in priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)