Dokterswachtposten bliuwe iepen

02 feb 2005 - 08:34

De fiif húsdoktersposten fan Dokterswacht Fryslân bliuwe bestean, mar mei in lytsere besetting. Dat hawwe de oansletten húsartsen by Dokterswacht Fryslân besletten om te besunigjen. De posten sille yn de takomst mear gearwurkje mei de earste-helpposten fan de sikehûzen.

Dokterswacht Fryslân moat dit jier 2,3 miljoen euro besparje om't in kwart fan de Fryske húsartsen net oansletten is by de húsdoktersposten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)