Dokterswacht wer ekstra drok

29 maaie 2005 - 09:34

De Dokterswacht Fryslân hat it de freedtejûn en -nacht wer drokker hân as normaal. Dat seit direkteur Toeter fan de Dokterswacht. De organisaasje hie ekstra minsken ynset, fanwege de staking fan de hûsdokters.

Omdat der oerdeis gjin soarch beskikber wie, wiene minsken oanwiisd op de Dokterswacht, ek al omdat de staking trije dagen duorre hat. Neffens direkteur Toeter hiene pasjinten hast gjin klachten oer de stakende dokters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)