Dokterswacht Noardwest-Fryslân

12 nov 2003 - 00:00

Noardwest-Fryslân hat fan woansdei ôf ek in dokterswacht. Minsken mei klachten moatte bûten de praktyktiden om dan nei de post yn sikehûs MCL-súd. It giet om goed 52.000 pasjinten yn Ljouwert, Harns, Frjentsjer en It Bilt.

De helte fan de dokters yn it gebiet docht mei. De pasjinten dêr't it om giet ha yntusken in brief krigen. Per 1 jannewaris wurdt in konsult by de dokterswacht goedkeaper as by dokters dy't net meidogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)