'Dokterswacht net geskikt'

05 des 2003 - 00:00

It systeem fan de dokterswacht is net geskikt foar it plattelân. Dat sizze trije húsdokters út Ternaard. Sy stappe 1 jannewaris út de dokterspost Dokkum.

De wurkdruk is de trije te heech. Dat komt omdat dokters op it plattelân faak ek befallings dogge en in apoteek ha. Dit wurk falt bûten de dokterswacht, en is no dus 'ekstra'. Neffens de trije dokters binne de taken better te dwaan op de âlde wize, mei jûns- en wykeintsjinsten út de eigen praktyk wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)