Dokterswacht moat besunigje

05 jan 2005 - 08:52

De Dokterswacht Friesland moat dit jier foars besunigje om in tekoart fan 2,3 miljoen euro op de begrutting foar te kommen. Dat komt om't in soad húsartsen noch net oansluten binne by de wacht. Yn in ynterne brief fan de Dokterswacht oan de oansletten húsartsen steane 4 besunigingssenario's dêr't út keazen wurde kin.

Yn it meast fiergeande foarstel bliuwt nachts allinnich de Dokterswacht Ljouwert iepen en geane de oare 4 ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)