Dokterswacht Fryslân skrikt net

06 maaie 2004 - 00:00

Direkteur Toeter fan de Dokterswacht Fryslân is net skrokken fan de konklúzjes dy't de ynspeksje foar de sûnenssoarch lûkt út in ûndersyk oer de kwaliteit fan de húsartensposten yn ús lân. De Dokterswacht Fryslân komt der relatief besjoen aardich ôf, fynt Toeter.

De ynspeksje konkludearret dat pasjinten muoite ha om de húsartsenpost binnen in kertier te berikken. Hjir slagget dat oer it generaal wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)