Dokterswacht Fryslân hâldt rekken mei drokte yn krysttiid

09 des 2014 - 13:34
  • Dokterswacht

Dokterswacht Fryslân hâldt dit jier rekken mei ekstra drokke tiden om de krystdagen hinne. Earste en twadde krystdei falle dit jier krekt foar it wykein en dêrtroch kinne minsken fjouwer dagen op rige net terjochte by de húsdokter.

Ut de ûnderfinings fan foargeande jierren docht bliken dat der dan ferlet is fan ekstra personiel by de dokterswacht. Dêrom wurde der fyftich ekstra tsjinsten ynpland. Ek wurde der seis ekstra mobile auto's ynsetten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)