Dokterspraktyk ticht by aksje

05 okt 2011 - 14:28

Mear as de helte fan de Fryske húsdokters fiert tongersdei aksje tsjin de besunigingen fan it kabinet. Fanwege de aksje binne in soad húsdokterspraktiken ticht. Pasjinten kinne nei de Dokterswacht of in oare húsdokter dy't net nei de aksje yn Amsterdam giet.

Minister Schippers wol takom jier 132 miljoen euro minder útjaan oan de húsartsesoarch. Ferpleechkundigen moatte mear taken oernimme. Dêr ha húsdokters noed oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)