Dokterspraktyk net op oarder

15 nov 2010 - 11:06

Húsdokter Ter Laak yn Damwâld mei gjin pasjinten mear helpe. Dat hat de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch bepaald. De húsdokter hat syn waarnimming net goed regele, sa hat de ynspeksje konstatearre.

Foaral jûns, nachts en yn it wykein is de kontinuïteit fan de soarch net op oarder. Dêrmei is de húsdokter net by steat om ferantwurde soarch te bieden, seit de ynspeksje. De problemen mei Ter Laak spylje al in pear wiken. Hy is siik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)