Doktersechtpear skinkt argyf

01 des 2001 - 00:00

Andries en Truus Postma, eartiids in doktersechtpear yn Noardwâlde, hawwe har folsleine argyf skonken oan de stifting Doarpsargyf Noardwâlde. De Postma's kamen begjin jierren '70 yn it nijs, omdat frou Postma eutanasy bedreaun hie op har deasike mem. Se moast foar de rjochtbank komme en dat soarge foar in soad opskuor. It wie de earste kear dat soks oan 'e kaak steld waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)