Dokters sizze fertrouwen op

24 nov 2008 - 22:45
  • Gjin fertrouwen yn bestjoersfoarsitter.

De bestjoersfoarsitter fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum moat direkt syn funksje dellizze. Dat fine de medysk spesjalisten fan it sikehûs. It giet om de ynterimdirekteur Einte Elsinga, dy't oer in pear wike al fuortgiet.

It sikehûs hat noch nea sa'n goed jier hân as yn it ôfrûne jier, mar der is neffens de dokters sprake fan in probleem by it management. Sa hat it sikehûs troch in boekhâldkundige flater mei in grut finansjeel tekoart te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)