Dokters Nij Smellinghe oanklage

01 nov 2002 - 00:00

Twa bernedokters fan it sikehûs yn Drachten moatte foar it Medysk Tichtkolleezje ferskine. In ynwenner fan Apeldoorn klage har oan, omdat syn jonkje fan 10 moanne âld ferstoarn is.

De dokters soene te let mei de behanneling begûn wêze en de ferkearde diagnoaze steld hawwe. It bern moast doe nei it Akademysk Sikehûs yn Grins. In dokter dêr is ek oanklage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)