Dokters ha problemen mei rekkens

10 mrt 2006 - 20:34

Acht fan de tsien húsdokters yn Fryslân ha te krijen mei administrative gaos troch de ynfiering fan it nije soarchstelsel. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder húsdokters.

It grutte probleem is it deklarearjen fan rekkens yn it systeem dat de soarchfersekerders ynfierd ha. In kwart fan de gegevens fan pasjinten stiet dêr net yn. Gefolch is dat in dokter in rekken dy't er ferstjoert, ûnbetelle weromkrijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)