Dokters ha noed oer asylsikers

07 jan 2007 - 14:49

De Fryske húsdokters binne benaud dat de medyske soarch oan asylsikers tekoart sjitte sil. It sintraal orgaan opfang asylsikers sil reorganisearje en hat it kontrakt mei de GGD opsein.

De asylsikers moatte oer twa jier rjochtstreeks nei de húsdokters. Dy binne benaud dat se har wurk dêrtroch net mear oan kinne. Boppedat hawwe asylsikers meastentiids spesjalistyske help nedich en dêr binne húsdokters minder geskikt foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)