Dokters foar Skiermûntseach

17 aug 2000 - 09:56

Skiermûntseach hat twa nije húsartsen. De iene is op it stuit waarnimmer en wol foar fêst bliuwe. De oare wurket noch yn Zimbabwe. Per 1 oktober en 1 novimber begjinne se mei har wurk.

It eilân drige sûnder dokters komme te sitten omdat de eardere praktyk ein juny ophâlden is. It wie dreech om opfolgers te finen om't de kandidaten dy't har melden mear lean hawwe woenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)