Dokter meldt eutanasy faak net

28 apr 2006 - 11:12

In grut tal husdokters makket gjin melding fan eutanasy, wylst dat wetlik ferplichte is. Dat seit húsdokter Hans Hoff fan Snits. Ut de sifers oer 2005 docht bliken dat it tal offisjele meldings fan eutanasy omheech gien is. Neffens Hoff is dat mar de helte fan it werklike tal gefallen.

Húsdokters en sikehuzen moatte yn it gefal fan foarnommen eutanasy in oare arts der by roppe, foar in second opinion. Faak gebeurt dat net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)