Dokter docht wurk spesjalist

17 jul 2013 - 16:50
  • Húsdokter

Friezen hoege yn de takomst folle minder faak nei it sikehûs. De húsdokter sil in part fan dat wurk oernimme. Dat is it gefolch fan in lanlik akkoart tusken alle partijen yn de soarch. Húsdokter Wim Brunninkhuis fan Drachten rint al flink foarút op de ôfspraken yn it nije soarchakkoart, hy nimt de spesjalisten al in soad wurk út hannen en is goedkeaper. Soarchfersekerder De Friesland sjocht it plan sitten. Se tinke net dat it jildtekoart der fuort mei oplost wurde. In soad pasjinten moatte ynkoarten bewuster kieze foar húsdokter of spesjalist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)