Dokkumers winne 4 Audi's

06 sep 2011 - 10:55

Twa famyljes út Dokkum ha moandei elk fjouwer nije Audi A3 auto's wûn troch meidwaan oan de nasjonale postkoadelotterij. Mei-inoar wûnen tsien minsken yn it postkoadegebiet 9101 JA ien of ferskate nagelnije auto's. De prizen fûlen op mei-inoar 22 lotten.

De ôfrûne tiid falle wol faker prizen fan de postkoadelotterij yn Fryslân. Yn Frjentsjer waard koartlyn yn in strjitte noch ien miljoen euro útdield oan dielnimmers oan de lotterij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)