Dokkumers stean iepen foar komst fan nij AZC yn de stêd

06 okt 2015 - 22:52

De komst fan in AZC nei Dokkum kin rekkenje op stipe fan in grut part fan de befolking. Mar der binne wol grutte soargen oer de feiligens. Dat die tiisdei bliken op in ynformaasjegearkomst oer it AZC.

It COA wol graach 600 asylsikers yn de stêd ûnderbringe. Neffens de tsjinstanners is dat in te grutte groep foar de stêd. Ek binne der soargen oer de gearstalling fan dy groep. It soe benammen gean om manlju. Neffens de gemeente wurde der lykwols ekstra maatregels naam om de feiligens op oarder te krijen.

Derby wurdt ek sjoen nei de ûnderfining dy't opdien is tusken 1996 en 2006. Doe stie der op itselde plak oan de Parkleane yn Dokkum ek in AZC. Formeel moat de gemeenteried noch in beslút nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)