Dokkumers oppakt foar bedriging

04 des 2005 - 11:35

Twa jonge Dokkumers binne freedtejûn troch de plysje oppakt, om't se yn it sintrum fan har wenplak winkeljend publyk bedrigen mei in mes en pepperspray. It giet om jonges fan 16 en 17 jier âld.

By de oanhâlding binne it mes en de pepperspray yn beslach naam. De plysje slút net út dat de twa Dokkumers diel útmeitsje fan in gruttere groep. Mooglik wurde dêrom noch mear jongeren oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)