Dokkumers krije wurkstraffen

26 apr 2004 - 00:00

De plysjerjochter hat moandei trije Dokkumer jongeren wurkstraffen oplein foar it smiten fan stiennen nei asylsikers. Neffens justysje binne de jongeren te omskriuwen as neonazi's. Fjouwer minderjierrige fertochten krigen in sosjale wurkstraf.

De haadfertochte krige in straf fan 240 oeren, twa oeren krigen 220. As de jonges wer yn 'e fout geane krije se 4 moanne selstraf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)