Dokkumer wyk min ûnderhâlden

18 okt 2010 - 20:25

De wyk Jantjezeepolder yn Dokkum is net goed tagonklik foar minsken mei in beheining. Dat seit Dokkumer Hans Bleijerveld. Syn frou hat in skootmobyl, mar kin der eins net mei nei bûten ta. Der binne neffens him te folle obstakels troch efterstallich ûnderhâld.

Neffens de gemeente Dongeradiel is der fuortendaliks nei de meldings aksje ûndernaam. Alles is yn behanneling en oer ûngefear twa wiken moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)